Association Nationale des Premiers Secours

anps.fr

Oersjoch

Op ⁨30 Jannewaris 2026⁩ is in lek bard op ⁨Association Nationale des Premiers Secours⁩. Nei ûntdutsing en ferifikaasje fan it lek, is it op ⁨10 Febrewaris 2026⁩ tafoege oan ús database.

Hokker gegevens binne kompromittearre:

  • E-mailadressen
  • Bertedatum
  • Nammen, Berteplakken, Begroetingen
Datalek oanlevere troch Have I Been Pwned

Wat kinne jo dwaan om jo persoanlike gegevens te beskermjen

Hoewol by dit datalek gjin wachtwurden lekt binne, binne der noch hieltyd stappen dy’t jo nimme kinne om jo personlike gegevens better te beskermjen.

In e-mailmasker brûke

Troch jo echte e-mailadres te jaan, meitsje jo it makliker foar hackers of trackers om jo wachtwurden te finen of jo online op it harspit nimme. In tsjinst as ⁨Firefox Relay⁩ ferberget jo wiere e-mailadres en stjoert e-mailberjochten troch nei jo wiere postfek.

⁨Firefox Relay⁩ probearje
Mij it gebrûk fan persoanlike gegevens yn pinkoaden

Omdat jo bertedatum maklik te finen is yn iepenbiere registers, kinne jo gebrûk derfan it beste mije yn wachtwurden en pinkoaden. Minsken dy’t jo jierdei witte soene ek hiel maklik jo pinkoade riede kinne.

Brûk unike, sterke wachtwurden foar elke account

Opnij brûken fan in wachtwurd bringt al jo accounts yn gefaar. Dit betsjut dat as ien wachtwurd lekt wurdt, hackers de kaaien fan in protte accounts hawwe.

Bewarje wachtwurden op in feilich plak

Bewarje jo oanmeldingsgegevens op in feilich plak wêr’t allinnich jo by kinne, lykas in wachtwurdbehearder. Hjirmei kinne jo al jo ferskate wachtwurden ienfâldich byhâlde.

Wês foarsichtich mei it ferstrekken fan persoanlike ynformaasje

Jou gjin persoanlike ynformaasje as dit net nedich is. As jo frege wurdt om jo e-mailadres, postkoade of telefoannûmer yn te jaan of te ferstrekken, kinne jo wegerje.

Wurkje software en apps regelmjittich by

Bywurkjen fan jo snoadfoan-apps, browsers en bestjoeringssystemen makket jo apparaten feiliger. Dizze fernijingen ferhelpe bugs, kwetsberheden yn software en befeiligingsproblemen.

Wat is in websitedatalek?

In datalek fan in website bart, wannear cyberkriminelen persoanlike gegevens út online-accounts stelle, kopiearje of bleatlizze. Dat bart it meast, wannear hackers in swak plak yn de befeiliging fan de website fine. It kin lykwols ek barre as accountynformaasje by fersin lekt wurdt.