Amart Furniture
Oersjoch
Op 16 Maaie 2022 is in lek bard op Amart Furniture. Nei ûntdutsing en ferifikaasje fan it lek, is it op 25 Maaie 2022 tafoege oan ús database.
Hokker gegevens binne kompromittearre:
Wachtwurden
Telefoannûmers
E-mailadressen
Fysike adressen
Nammen
Untdek oft jo troffen binne troch dit lek
Wy helpe jo fluch te sjen oft jo e-mailadres lekt is by dit datalek en te begripen wat jo dêrnei dwaan moatte.Wat kinne jo dwaan foar dit datalek
Wy riede jo oan de folgjende stappen te nimmen om jo persoanlike gegevens feilich te hâlden en jo digitale identiteit te beskermjen.
Jo wachtwurd wizigje
Meitsje dit wachtwurd unyk en oars dan oare dy’t jo brûke. In goede te folgjen strategy is om twa of mear net-ferwante wurden te kombinearjen om in folsleine wachtwurdsin te meitsjen en sifers en symboalen op te nimmen.
Wurkje oare oanmeldingen mei itselde wachtwurd by
Troch wachtwurden opnij te brûken, wiziget ien inkeld datalek yn folle mear. No dit wachtwurd lekt is, kinne hackers it brûke om tagong ta oare accounts te krijen.
Mij it ferstrekken fan jo telefoannûmer
Probearje it ferstrekken fan jo telefoannûmer te mijen wannear jo jo oanmelde foar nije accounts of tsjinsten. As in telefoannûmer net fereaske is, fier it dan net yn.
In e-mailmasker brûke
Troch jo echte e-mailadres te jaan, meitsje jo it makliker foar hackers of trackers om jo wachtwurden te finen of jo online op it harspit nimme. In tsjinst as Firefox Relay ferberget jo wiere e-mailadres en stjoert e-mailberjochten troch nei jo wiere postfek.
Firefox Relay probearjeMij gebrûk fan adressen yn wachtwurden
Adressen of de strjitte wêryn jo opgroeid binne brûke makket jo wachtwurden minder sterk. Omdat it maklik is om dizze gegevens te finen yn iepenbiere registers, binne dizze wachtwurden ienfâldich te rieden.
Brûk unike, sterke wachtwurden foar elke account
Opnij brûken fan in wachtwurd bringt al jo accounts yn gefaar. Dit betsjut dat as ien wachtwurd lekt wurdt, hackers de kaaien fan in protte accounts hawwe.
Bewarje wachtwurden op in feilich plak
Bewarje jo oanmeldingsgegevens op in feilich plak wêr’t allinnich jo by kinne, lykas in wachtwurdbehearder. Hjirmei kinne jo al jo ferskate wachtwurden ienfâldich byhâlde.
Wês foarsichtich mei it ferstrekken fan persoanlike ynformaasje
Jou gjin persoanlike ynformaasje as dit net nedich is. As jo frege wurdt om jo e-mailadres, postkoade of telefoannûmer yn te jaan of te ferstrekken, kinne jo wegerje.
Wurkje software en apps regelmjittich by
Bywurkjen fan jo snoadfoan-apps, browsers en bestjoeringssystemen makket jo apparaten feiliger. Dizze fernijingen ferhelpe bugs, kwetsberheden yn software en befeiligingsproblemen.
Wat is in websitedatalek?
In datalek fan in website bart, wannear cyberkriminelen persoanlike gegevens út online-accounts stelle, kopiearje of bleatlizze. Dat bart it meast, wannear hackers in swak plak yn de befeiliging fan de website fine. It kin lykwols ek barre as accountynformaasje by fersin lekt wurdt.