ApexSMS

Oersjoch

Op ⁨15 April 2019⁩ is in lek bard op ⁨ApexSMS⁩. Nei ûntdutsing en ferifikaasje fan it lek, is it op ⁨21 Septimber 2023⁩ tafoege oan ús database.

Wêrom duorre it sa lang eardat dit datalek meld waard?

Hokker gegevens binne kompromittearre:

  • IP-adressen
  • Telefoannûmers
  • E-mailadressen
  • Geslachten, Geografyske lokaasjes, Nammen, Telecomproviders
Datalek oanlevere troch Have I Been Pwned

Wat kinne jo dwaan om jo persoanlike gegevens te beskermjen

Hoewol by dit datalek gjin wachtwurden lekt binne, binne der noch hieltyd stappen dy’t jo nimme kinne om jo personlike gegevens better te beskermjen.

Brûk in VPN om jo IP-adres te maskearjen

Jo Internet Protocol-adres (IP-adres) bringt jo lokaasje en ynternetprovider oan it ljocht. In tsjinst as ⁨Mozilla VPN⁩ maskearret jo IP-adres om jo lokaasje te ferbergjen.

Probearje ⁨Mozilla VPN⁩
Mij it ferstrekken fan jo telefoannûmer

Probearje it ferstrekken fan jo telefoannûmer te mijen wannear jo jo oanmelde foar nije accounts of tsjinsten. As in telefoannûmer net fereaske is, fier it dan net yn.

In e-mailmasker brûke

Troch jo echte e-mailadres te jaan, meitsje jo it makliker foar hackers of trackers om jo wachtwurden te finen of jo online op it harspit nimme. In tsjinst as ⁨Firefox Relay⁩ ferberget jo wiere e-mailadres en stjoert e-mailberjochten troch nei jo wiere postfek.

⁨Firefox Relay⁩ probearje
Brûk unike, sterke wachtwurden foar elke account

Opnij brûken fan in wachtwurd bringt al jo accounts yn gefaar. Dit betsjut dat as ien wachtwurd lekt wurdt, hackers de kaaien fan in protte accounts hawwe.

Bewarje wachtwurden op in feilich plak

Bewarje jo oanmeldingsgegevens op in feilich plak wêr’t allinnich jo by kinne, lykas in wachtwurdbehearder. Hjirmei kinne jo al jo ferskate wachtwurden ienfâldich byhâlde.

Wês foarsichtich mei it ferstrekken fan persoanlike ynformaasje

Jou gjin persoanlike ynformaasje as dit net nedich is. As jo frege wurdt om jo e-mailadres, postkoade of telefoannûmer yn te jaan of te ferstrekken, kinne jo wegerje.

Wurkje software en apps regelmjittich by

Bywurkjen fan jo snoadfoan-apps, browsers en bestjoeringssystemen makket jo apparaten feiliger. Dizze fernijingen ferhelpe bugs, kwetsberheden yn software en befeiligingsproblemen.

what-is-data-agg

what-is-data-agg-blurb

Wêrom duorre it sa lang eardat dit datalek meld waard?

It kin somtiden moannen of jierren duorje eardat de oanmeldgegevens dy’t yn in datalek foar komme op it dark web ferskine. Datalekken wurde, sa gau as se ûntdekt binne en ferifiearre, oan ús database tafoege.