Elasticsearch Instance of Sales Leads on AWS
Oersjoch
Op 29 Oktober 2018 is in lek bard op Elasticsearch Instance of Sales Leads on AWS. Nei ûntdutsing en ferifikaasje fan it lek, is it op 17 Novimber 2018 tafoege oan ús database.
Hokker gegevens binne kompromittearre:
E-mailadressen
Fysike adressen
Wurkjouwers, Nammen
Untdek oft jo troffen binne troch dit lek
Wy helpe jo fluch te sjen oft jo e-mailadres lekt is by dit datalek en te begripen wat jo dêrnei dwaan moatte.Wat kinne jo dwaan om jo persoanlike gegevens te beskermjen
Hoewol by dit datalek gjin wachtwurden lekt binne, binne der noch hieltyd stappen dy’t jo nimme kinne om jo personlike gegevens better te beskermjen.
In e-mailmasker brûke
Troch jo echte e-mailadres te jaan, meitsje jo it makliker foar hackers of trackers om jo wachtwurden te finen of jo online op it harspit nimme. In tsjinst as Firefox Relay ferberget jo wiere e-mailadres en stjoert e-mailberjochten troch nei jo wiere postfek.
Firefox Relay probearjeMij gebrûk fan adressen yn wachtwurden
Adressen of de strjitte wêryn jo opgroeid binne brûke makket jo wachtwurden minder sterk. Omdat it maklik is om dizze gegevens te finen yn iepenbiere registers, binne dizze wachtwurden ienfâldich te rieden.
Brûk unike, sterke wachtwurden foar elke account
Opnij brûken fan in wachtwurd bringt al jo accounts yn gefaar. Dit betsjut dat as ien wachtwurd lekt wurdt, hackers de kaaien fan in protte accounts hawwe.
Bewarje wachtwurden op in feilich plak
Bewarje jo oanmeldingsgegevens op in feilich plak wêr’t allinnich jo by kinne, lykas in wachtwurdbehearder. Hjirmei kinne jo al jo ferskate wachtwurden ienfâldich byhâlde.
Wês foarsichtich mei it ferstrekken fan persoanlike ynformaasje
Jou gjin persoanlike ynformaasje as dit net nedich is. As jo frege wurdt om jo e-mailadres, postkoade of telefoannûmer yn te jaan of te ferstrekken, kinne jo wegerje.
Wurkje software en apps regelmjittich by
Bywurkjen fan jo snoadfoan-apps, browsers en bestjoeringssystemen makket jo apparaten feiliger. Dizze fernijingen ferhelpe bugs, kwetsberheden yn software en befeiligingsproblemen.
what-is-data-agg
what-is-data-agg-blurb