ProctorU

proctoru.com

Oersjoch

Op ⁨26 Juny 2020⁩ is in lek bard op ⁨ProctorU⁩. Nei ûntdutsing en ferifikaasje fan it lek, is it op ⁨6 Augustus 2020⁩ tafoege oan ús database.

Hokker gegevens binne kompromittearre:

  • Wachtwurden
  • Telefoannûmers
  • E-mailadressen
  • Fysike adressen
  • Nammen, Brûkersnammen
Datalek oanlevere troch Have I Been Pwned

Wat kinne jo dwaan foar dit datalek

Wy riede jo oan de folgjende stappen te nimmen om jo persoanlike gegevens feilich te hâlden en jo digitale identiteit te beskermjen.

Jo wachtwurd wizigje

Meitsje dit wachtwurd unyk en oars dan oare dy’t jo brûke. In goede te folgjen strategy is om twa of mear net-ferwante wurden te kombinearjen om in folsleine wachtwurdsin te meitsjen en sifers en symboalen op te nimmen.

Wurkje oare oanmeldingen mei itselde wachtwurd by

Troch wachtwurden opnij te brûken, wiziget ien inkeld datalek yn folle mear. No dit wachtwurd lekt is, kinne hackers it brûke om tagong ta oare accounts te krijen.

Mij it ferstrekken fan jo telefoannûmer

Probearje it ferstrekken fan jo telefoannûmer te mijen wannear jo jo oanmelde foar nije accounts of tsjinsten. As in telefoannûmer net fereaske is, fier it dan net yn.

In e-mailmasker brûke

Troch jo echte e-mailadres te jaan, meitsje jo it makliker foar hackers of trackers om jo wachtwurden te finen of jo online op it harspit nimme. In tsjinst as ⁨Firefox Relay⁩ ferberget jo wiere e-mailadres en stjoert e-mailberjochten troch nei jo wiere postfek.

⁨Firefox Relay⁩ probearje
Mij gebrûk fan adressen yn wachtwurden

Adressen of de strjitte wêryn jo opgroeid binne brûke makket jo wachtwurden minder sterk. Omdat it maklik is om dizze gegevens te finen yn iepenbiere registers, binne dizze wachtwurden ienfâldich te rieden.

Brûk unike, sterke wachtwurden foar elke account

Opnij brûken fan in wachtwurd bringt al jo accounts yn gefaar. Dit betsjut dat as ien wachtwurd lekt wurdt, hackers de kaaien fan in protte accounts hawwe.

Bewarje wachtwurden op in feilich plak

Bewarje jo oanmeldingsgegevens op in feilich plak wêr’t allinnich jo by kinne, lykas in wachtwurdbehearder. Hjirmei kinne jo al jo ferskate wachtwurden ienfâldich byhâlde.

Wês foarsichtich mei it ferstrekken fan persoanlike ynformaasje

Jou gjin persoanlike ynformaasje as dit net nedich is. As jo frege wurdt om jo e-mailadres, postkoade of telefoannûmer yn te jaan of te ferstrekken, kinne jo wegerje.

Wurkje software en apps regelmjittich by

Bywurkjen fan jo snoadfoan-apps, browsers en bestjoeringssystemen makket jo apparaten feiliger. Dizze fernijingen ferhelpe bugs, kwetsberheden yn software en befeiligingsproblemen.

Wat is in websitedatalek?

In datalek fan in website bart, wannear cyberkriminelen persoanlike gegevens út online-accounts stelle, kopiearje of bleatlizze. Dat bart it meast, wannear hackers in swak plak yn de befeiliging fan de website fine. It kin lykwols ek barre as accountynformaasje by fersin lekt wurdt.