SaverSpy

Oersjoch

Op ⁨18 Septimber 2018⁩ is in lek bard op ⁨SaverSpy⁩. Nei ûntdutsing en ferifikaasje fan it lek, is it op ⁨25 Septimber 2018⁩ tafoege oan ús database.

Hokker gegevens binne kompromittearre:

  • E-mailadressen
  • Fysike adressen
  • Geslachten, Nammen
Datalek oanlevere troch Have I Been Pwned

Wat kinne jo dwaan om jo persoanlike gegevens te beskermjen

Hoewol by dit datalek gjin wachtwurden lekt binne, binne der noch hieltyd stappen dy’t jo nimme kinne om jo personlike gegevens better te beskermjen.

In e-mailmasker brûke

Troch jo echte e-mailadres te jaan, meitsje jo it makliker foar hackers of trackers om jo wachtwurden te finen of jo online op it harspit nimme. In tsjinst as ⁨Firefox Relay⁩ ferberget jo wiere e-mailadres en stjoert e-mailberjochten troch nei jo wiere postfek.

⁨Firefox Relay⁩ probearje
Mij gebrûk fan adressen yn wachtwurden

Adressen of de strjitte wêryn jo opgroeid binne brûke makket jo wachtwurden minder sterk. Omdat it maklik is om dizze gegevens te finen yn iepenbiere registers, binne dizze wachtwurden ienfâldich te rieden.

Brûk unike, sterke wachtwurden foar elke account

Opnij brûken fan in wachtwurd bringt al jo accounts yn gefaar. Dit betsjut dat as ien wachtwurd lekt wurdt, hackers de kaaien fan in protte accounts hawwe.

Bewarje wachtwurden op in feilich plak

Bewarje jo oanmeldingsgegevens op in feilich plak wêr’t allinnich jo by kinne, lykas in wachtwurdbehearder. Hjirmei kinne jo al jo ferskate wachtwurden ienfâldich byhâlde.

Wês foarsichtich mei it ferstrekken fan persoanlike ynformaasje

Jou gjin persoanlike ynformaasje as dit net nedich is. As jo frege wurdt om jo e-mailadres, postkoade of telefoannûmer yn te jaan of te ferstrekken, kinne jo wegerje.

Wurkje software en apps regelmjittich by

Bywurkjen fan jo snoadfoan-apps, browsers en bestjoeringssystemen makket jo apparaten feiliger. Dizze fernijingen ferhelpe bugs, kwetsberheden yn software en befeiligingsproblemen.

Hoe behannelet ⁨Mozilla Monitor⁩ gefoelige websites?

⁨Mozilla Monitor⁩ lit allinnich accounts sjen dy’t troffen binne troch dit soarte fan lekken nei ferifikaasje fan in e-mailadres. Dit betsjut dat jo de iennige persoan binne dy’t sjen kin oft jo ynformaasje yn dit lek foar komt (útsein as in oar tagong ta jo e-mailaccount hat).