Hoe’t it wurket

Datalekken binne befeiligingsskeiningen wêrby’t jo persoanlike ynformaasje per ûngelok bleatsteld of yllegaal stellen wurdt troch hackers – ynklusyf wachtwurden, kontaktgegevens, finansjele gegevens en folle mear. Elk account of oeral wêr’t jo ynformaasje online bewarre is, kin in doel wêze.


It oplossen fan datalekken helpt foar te kommen dat hackers tagong krije ta jo accounts, finansjele skea feroarsaakje of jo identiteit stelle.

  • Stap 1

    Wy scanne op datalekken

    Mei allinnich jo e-mailadres sykje wy nei jo yn alle bekende datalekken. Alle abonnees kinne 5 e-mailadressen fergees kontrolearje.

  • Stap 2

    Wy helpe jo datalekken op te lossen

    Omdat it oplossen fan datalekken meastentiids hânmjittige stappen omfetsje, lykas it wizigjen fan jo wachtwurden of it pleatsen fan in fraudewarskôging op jo kredytskoare, kinne wy se net foar jo oplosse. Mar wy sille jo troch de stappen liede om jo lekte ynformaasje op te lossen.

    En as jo gegevens dochs yn de ferkearde hannen falt, sille wy jo befeiligensoanrekommandaasjes jaan oer wat jo dwaan kinne om josels no en yn de takomst te beskermjen.

  • Stap 3

    Wy kontrolearje op nije datalekken

    As wy in nij datalek ûntdekke, sille wy kontrolearje oft jo der diel fan útmeitsje en jo warskôgje as dat sa is.

Nim jo gegevens wer ûnder kontrôle.